|
FERPLICHTE GEBED
"Der binne trije ferplichte gebedens.
De leauwende is hielendal frij in kar út dy trije gebedens te meitsjen,
mar is ferplichte ien dêrfan te bidden mei de oanwizingen dy't dêr by
hearre."
- Ut in brief, dy't skreaun is út namme fan Shogi Effendi,
sjoch: Bahá'í News, septimber 1951.
- Oant no ta is ien fan dy trije gebedens oerset yn it Frysk.
IT KOARTE FERPLICHTE
GEBED
1
Ik tsjûgje, o myn God, dat Jo my skepen hawwe om Jo te kennen en te oanbidden.
Ik betsjûgje op dit pas myn machteleazens en Jo macht, myn earmoede en
Jo rykdom.
Der is gjin oare God as Jo, de Helper-yn-need, de Troch-Himsels-Besteande.
Bahá'u'lláh
TOP
ALGEMIENE
GEBEDENS
BERN
2
O God! Lied my en hoedzje my; ferljochtsje de lampe fan myn hert en meitsje
my ta in strieljende stjer.
Jo binne de Machtige en de Krêftige.
'Abdu'l-Bahá
3
O Jo, suvere God! Ik bin in lyts bern; meitsje de skurte fan Jo jefte
ta in leaflik rêstplak fan treast, lit my groeie en fied wurde mei de
hunnich en de molke fan Jo leafde en bring my grut mei Jo kennis; lit
my frij wêze salang't ik in bern bin en jou my ealens!
O Jo, bûtenwenstige God! Meitsje my de fertrouling fan it Keninkryk fan
de Unsjenbere. Wierliken, Jo binne de Machtige en de Krêftige.
TOP
'Abdu'l-Bahá
BESIKINGEN EN SWIERRICHHEDEN
4
Is der ien dy't swierrichheden ferdriuwt bûten God? Sis: Eare oan God!
Hy is God! Allegearre binne Syn tsjinners en hâlde Syn gebod.
TOP
de Báb
5
Sis: God foldocht alle dingen boppe alle dingen en neat yn de himelen
of op ierde útsein God is genôch.
Wierliken, Hy is yn Himsels de Wittende, de Helper, de Almachtige.
de Báb
TOP
FERSTOARNEN
6
O myn God! O Jo, Ferjouwer fan sûnden! Skinker fan jeften! Ferdriuwer
fan smerten!
Wierliken, ik smeekje Jo de sûnden te ferjaan fan harren dy't it stoflik
klaad ôflein hawwe en nei de geastlike wrâld opstiigd binne.
O myn Hear! Suverje harren fan oertrêdings, ferdriuw harren fertriet en
feroarje harren tsjusterens yn ljocht. Lit harren de tún fan lok yngean,
reinigje harren mei it suverste wetter en stean harren ta, Jo swidens
op de ferhevenste berch te oanskôgjen.
TOP
'Abdu'l-Bahá
7
O myn God! Dit is Jins tsjinneres en de dochter fan Jins
tsjinneres, dy't yn Jo en yn Jins tekens leauwt en dy't har antlit nei
Jo takeard hat, folslein frij fan alles bûten Jo. Jo binne wierliken fan
al dyjingen dy't erbarming toane de barmhertichste.
Doch mei har, o Jo Dy't de sûnden fan de minsken ferjout en Dy't harren
lekken en brekken net acht slacht, nei't it de himel fan Jins lankmoedigens
en de oseaan fan Jins genede past. Nim har op yn it ryk fan Jins genede,
dy't alles te boppe giet en dy't al foar de skepping fan himel en ierde
bestie.
Der is gjin God as Jo, de Jimmeroan-Ferjaande, de Grutmoedichste.
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre bidde God oan. (19 x)
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre bûge ús foar God. (19 x)
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre hawwe ús oan God wijd. (19 x)
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre loovje God. (19 x)
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre tankje God. (19 x)
Alláh'u'Abhá.
Wierliken, wy allegearre binne geduldich yn God. (19 x)
Bahá'u'lláh
As de ferstoarne in man is, lit men dan sizze: "Dit
is Jins tsjinner en de soan fan Jins tsjinner", ensfh.
TOP
GEASTLIKE GROEI
8
Skep yn my in suver hert, o myn God, en fernij yn my in rêstich gewisse,
o myn Hoop! Bekrêftigje my yn Jo Saak troch de geast fan macht, o myn
Meast-Dierbere, en iepenbierje my Jo wei troch it ljocht fan Jo gloarje,
o Jo, Doel fan myn langstme! Ferhef my ta de himel fan Jo hillichheid
troch de krêft fan Jo alles oertreffende macht, o Boarne fan myn wêzen,
en ferbliidzje my troch de amme fan Jo ivichheid, o Jo, Dy't myn God binne!
Lit Jo ivichduorjende meldijen myn siel rêst jaan, o myn Selskipsman,
en lit de rykdom fan Jo alâlde oansjen my ferlosse fan alles útsein Jo,
o myn Master! Lit it boadskip fan de iepenbiering fan Jo ûnfergonklik
Wêzen my freugde bringe, o Jo, Dy't de kenberste fan it kenbere binne
en de ferburgenste fan it ferburgene!
Bahá'u'lláh
TOP
9
O myn God! Jou my kennis, leauwe en leafde. O Leafste!
Sierje myn holle mei de kroan fan Jo foarsjennichheid, myn hert mei it
ljocht fan Jo te kennen, myn tonge mei it uterjen fan Jo Grutste Namme
en lit myn ear hingje nei Jo hilhich Wurd. Jo binne de Hillige Dy't ferhearlike
waard, ferhearlike 'wurdt en altiten ferhearlike wurde sille, en Waans
geboaden hieltyd opfolge wurde sille.
OGod, help my rjochtfeardich te wêzen, ferhef my boppe de oseaan fan byleauwe
en idele waan en jou my in skerp each, dat ik yn alle riken Jo ienheid
en Jo wierheid beseffe mei.
'Abdu'l-Bahá
TOP
10
O Jo , barmhertich God! Skink my in hert dat allyk in
spegel strielet mei it ljocht fan Jo leafde en besielje my mei gedachten
dy't troch Jo foldiedigens de wrâld feroarje litte yn in roazehôf. Jo
binne de Barmhertige, de Genedige, de Alfoldiedege.
Bahá'u'lláh
TOP
GEASTLIKE RIED
Kom by elkoar yn suvere blydskip en sis dit gebed by it
begjin fan de gearkomste.
11
O Jo, Hear fan it Keninkryk! Alhoewol't ús lichems hjir by elkoar binne,
wurde ús betsjoende herten fuortfierd troch Jo leafde en reitsje wy yn
ekstaze troch de strielen fan Jo skitterjend antlit. Hoe swak wy ek binne,
wy ferwachtsje de iepenbieringen fan Jo krêft en macht. Hoe earm wy ek
binne, sûnder goed en middels, dochs helje wy rykdommen út de skatten
fan Jo Keninkryk. Alhoewol't wy drippen binne, putte wy út de djipten
fan Jo oseaan. Alhoewol't wy stofkes binne, glinsterje wy yn de hearlikheid
fan Jo prachtige Sinne.
O Jo, ús Fersoarger! Stjoer Jo bystân del, dat elk dy't hjir sammele is
as in brânende kears wurdt, elk in midpunt fan oanlûkingskrêft, elk in
ûntbieder ta Jo himelsk ryk, oant wy einl ings dizze wrâld hjir ûnder
meitsje ta it evenbyld fan Jo Paradys.
TOP
'Abdu'l-Bahá
GENÊZING
12
Jo namme is myn genêzing, o myn God, en it Jo te betinken is myn medisyn,
Jo nei-oan te wêzen is myn hope, en leafde foar Jo is myn selskipsman.
Jo genede is myn genêzing en myn stipe yn dizze wrâld en yn de wrâld dy't
komme sil.
Jo, wierliken, binne de Alfoldedige, de Alwittende, de Alwize.
TOP
Bahá'u'lláh
HELP EN BYSTÂN
13
Sis:Eare oan Jo Dy't alle Hilligen harren helpleazens bekenne liet foar
de mannichfâldige iepenbieringen fan Jo macht oer en dy't elke Profeet
syn neat-wêzen erkenne liet by de glâns fan Jo duorjende hearlikheid.
1k smeekje Jo, by Jo Namme dy't de poarten fan de Himel iepen die en de
Skare yn de hege mei útskroevenens ferfolle om my yn steat te stellen
Jo te tsjinjen yn dizze Dei en my te sterkjen om itjinge Jo foarskreaunen
yn Jo Boek nei te kommen. Jo witte, o myn Hear, wat yn my is, mar ik wit
net wat yn Jo is.
Jo binne de Alwittende, de alles Kennende.
Bahá'u'lláh
TOP
14
O Jo, waans antlit it doel is fan myn oanbidding, Waans skientme myn hillichdom,
Waans wente myn doel, Waans lofspraak myn hope, Waans foarsjennichheid
myn selskipsman, Waans leafde de reden fan myn bestean, Waans neamd-wurden
myn treast, Waans neite myn langstme, Waans tsjinwurdichheid myn dierberste
winsk en heechste stribjen is. Ik smeekje Jo my net te ûnthâlden wat Jo
foar de útkarden fan Jo tsjinners ornearre hawwe. Ferlien my dan it goede
fan dizze wrâld en fan de neikommende.
Jo, wierliken, binne de Kening fan alle minsken. Der is gjin God as Jo,
de Jimmer-Ferjaande, de Grutmoedichste.
Bahá'u'lláh
TOP
HOULIK
15
Gloarje is oan Jo, o myn God! Wierliken, dizze Jo tsjinstfeint en dizze
Jo tsjinstfaam binne ûnder it skaad fan Jo barmhertigens gearkommen en
binne ferbûn troch Jo geunst en edelmoedigens. 0 Hear! Stean harren by
yn dizze Jo wrâld en Jo keninkryk en bestim foar harren al it goede troch
Jo rynskens en genede. O Hear! Fersterkje harren yt harren tsjinstberens
en help harren Jo te tsjinjen. Stean harren ta de tekens te wurden fan
Jo Namme yn Jo wrâld en beskermje harren troch Jo woldieden, dy't sûnder
ein binne yn dizze wrâld en de wrâld dy't komme sil.
O Hear! Hja freegje help oan it keninkryk fan Jo barmhertigens, en roppe
it ryk fan Jo ienichst-wêzen oan. Wierliken, hja binne troud yn hearrigens
oan Jo gebod. Lit harren de tekens wurde fan harmony en ienheid oant de
ein fan de tiid.
Wierliken, Jo binne de Almogende, de Alomtsjintwurdige, de Almachtige.
TOP
'Abdu'l-Bahá
IENHEID
16
O myn God! O myn God! Ferienigje de herten fan Jo tsjinners en iepenbierje
oan harren Jo ferheven plan. Meie hja Jo geboaden neikomme en har hâlde
oan Jo wet. Help harren, o God, yn har stribjen en jou harren krêft om
Jo te tsjinjen.
O God, lit harren net oan harsels oer, mar lied har trêden mei it ljocht
fan Jo kennis en ferbliidzje har hert mei Jo leafde.
Wierliken, Jo binne harren Helper en harren Hear.
Bahá'u'lláh
TOP
17
O Jo, leafderyk Hear! Jo hawwe it hiele minskdom út deselde
stam skepen. Jo hawwe foarbeskikt dat wy allegearre ta deselde famylje
hearre. Foar Jo hillich Antlit binne allegearre Jo tsjinners en it hiele
minskdom wurdt fan Jo Tabernakel beskerme. Wy allegearre binne gearkommen
om Jo Tafel fan Oerfloed en wurde ferljochte troch it ljocht fan Jo foarsjennichheid.
O God! Jo binne freonlik foar ús allegearre, Jo soargje foar ús allegearre,
Jo beskermje ús allegearre, Jo skinke libben oan ús allegearre. Jo hawwe
ús allegearre mei talinten en mooglikheden bejeftige; wy allegearre binne
dompele yn de oseaan fan Jo genede.
O Jo leafderyk Hear! Ferienigje alle minsken. Lit de godstsjinsten ienriedich
wêze. Meitsje de folken ien, dat hja elkoar sjen meie as ien famylje en
de hiele ierde as ien heitelân. Meie hja yn ienheid en iendracht mei elkoar
omgean.
O God! Heevje heech it findel fan de ienheid fan it minskdom.
O God! Stiftsje de Aldergrutste Frede. Smei de herten oan inoar, o God!
O Jo leafderyk Heit, God! Ferbliidzje ús hert mei de swietrook fan Jo
leafde. Ferhelderje de eagen mei it ljocht fan Jo lieding. Streakje de
earen mei de meldije fan Jo wurd en beskut ús allegearre yn de fêsting
fan Jo foarsoarch.
Jo binne de Machtige en de Krêftige! Jo binne de Ferjouwende en Jo binne
Dyjinge dy't it tekoartkommen fan it minskdom net telt.
'Abdu'l-Bahá
TOP
JÛN
18
O myn God, myn Master. Doel fan myn langstme! Dizze Jo tsjinner besiket
te sliepen yn de beskutting fan Jo genede en te rêsten ûnder it baldakyn
fan Jo geunst, smeekjende om Jo soarch en Jo beskerming.
Ik smeekje Jo, o myn Hear, by Jo each dat net sliept, myn eagen te hoedzjen
om eat oars te sjen útsein Jo. Sterkje dan harren sjen, dat hja Jo tekens
waarnimme en de hoarizon fan Jo iepenbiering oanskôgje meie. Jo binne
Dejinge, foar de iepenbieringen fan Waans almacht de kearn fan macht beve
hat.
Der is gjin God as Jo, de Almachtige, de Albehearsker, de Unbetinge.
Bahá'u'lláh
TOP
MOARN
19
Ik bin ûnder Jo beskutting wekker wurden,o myn God, en it past him dy't
dy beskutting siket te ferkearen yn it Hillichdom fan Jo beskerming en
yn de Fêsting fan Jo ferdigening. Ferljochtsje myn ynderlik wêzen, o myn
Hear, mei de pracht fan de Dage fan Jo iepenbiering, lykas Jo myn uterlik
wêzen ferljochte hawwe mei it moarntiidsljocht fan Jo geunst.
Bahá'u'lláh
TOP
20
Ik priizgje Jo, o myn God, dat Jo my út 'e sliep wekker makke hawwe en
my út myn fuort-wêzen oproppen hawwe en my út myn slomme ferrize litten
hawwe. Ik bin dizze moarn wekker wurden mei myn antlit heve nei de pracht
fan de Dei-Stjer fan Jo iepenbiering dêr't de himelen fan Jo macht en
Jo majesteit troch ferljochte wurden binne; ik erken Jo tekens, leau yn
Jo Boek en hâld fêst oan Jo koarde.
Ik smeekje Jo, by de macht fan Jo wil en de twingende krêft fan Jo doel,
om itjinge Jo my yn myn sliep iepenbiere hawwe ta de fêste grûnslach te
meitsjen foar de wenten fan Jo leafde, dy't yn de herten fan Jo leafsten
binne en ta it bêste middel om de tekens fan Jo genede en Jo leafderykheid
te iepenbierjen.
Ornearje foar my troch Jo meast ferheven Pinne, o myn Hear, it goede fan
dizze wrâld en fan de folgjende.
Ik tsjûgje dat yn Jo greep de leien binne fan alle dingen. Jo feroarje
dy nei Jo gefalligens. Gjin God is der útsein
Jo, de Sterke, de Trouwe.
Jo binne Dejinge, dy't troch Syn gebod fernedering feroaret yn hearlikens
en swakte yn krêft, machteleazens yn macht, freze yn rêst en twifel yn
wissichheid. Gjin God is der as Jo, de Machtige, de Woldiedige.
Jo stelle nimmen teloar dy't Jo siket, noch hâlde Jo immen fan Jo ôf dy't
nei Jo ferlanget. Ornearje Jo foar my itjinge de himel fan Jo edelmoedigens
en de oseaan fan Jo goederjouskens past.
Jo binne, wierliken, de Almachtige, de Almogende.
TOP
Bahá'u'lláh
NAW-RUZ
(Naw-Rúz, 21 maart, de earste dei fan it Bahá'í jier,
is in dei fan freugde)
21
Priizge binne Jo, o myn God, dat Jo Naw-Rúz ynsteld hawwe as in feestdei
foar harren dy't de fêste neikommen binne út leafde foar Jo en harren
ûnthâlden hawwe fan al wat Jo wearzget. Stean ta, o myn Hear, dat it fjoer
fan Jo leafde en de gloede, feroarsake troch de fan Jo opleine fêste,
harren foar Jo Saak ûntflamje litte mei en lit harren dwaande wêze Jo
te earjen en te betinken.
Om't Jo harren toaid hawwe, o myn Hear, mei it sieraad fan de fan Jo foarskreaune
fêste, toai harren allyksa mei it sieraad fan Jo oanfurdiging troch Jo
genede en goederjouske geunst. Want it dwaan en litten fan de minsken
is hielendal ôfhinklik fan Jo wolbehagen en is troch Jo gebod bepaald.
Bywannear't Jo him dy't de fêste brutsen hat beskôgje as ien dy't him
hâlden hat, sil dizze minske rekkene wurde ta harren dy't yn alle ivichheid
de fêste hâlden hawwe. En bywannear't Jo befelje, dat hy dy't de fêste
hâlden hat him brutsen hat, sil dy minske rekkene wurde ta harren dy't
oarsaak west hawwe fan it mei túch besmoargjen fan it Kleed fan Jo iepenbiering
en dy't fier ferwidere binne fan de kristalkleare wetters fan dizze libbene
Boarne.
Jo binne Dejinge troch wa't it findel: "Pryslik binne Jo yn Jo wurken"
heve is en de standert: "Opfolge wurde Jo yn Jo gebod" ûntrôle
is. Meitsje Jo steat bekend, o myn God, oan Jo tsjinners, dat hja gewaar
wurde meie dat de treflikheid fan alle dingen ôfhinklik is fan Jo gebod
en Jo wurd, en it nut fan elke hanneling ôfhinklik is fan Jo ferlof en
it wolbehagen fan Jo wil, en dat hja erkenne meie dat de leien fan de
hannelingen fan de minsken yn de greep lizze fan Jo goedkarring en Jo
gebod. Meitsje dit bekend oan harren, dat perfoarst neat harren útslute
sil fan Jo Skientme, yn dizze dagen dér't Christus yn útropt: "Alle
hearskippij is oan Jo, o Jo de Oansetter fan de Geast*", en Jo Freon**
útropt: "Gloarje is oan Jo, o Jo de Leafste, want Jo hawwe Jo Skientme
oan't ljocht brocht en Jo hawwe foar Jo útkarden delskreaun wat harren
yn steat stelle sil de sit te berikken fan de iepenbiering fan Jo Grutste
Namme, dêr't alle minsken troch lamentearren, behalve hja dy't harren
ûnthecht hawwe fan alles útsein Jo en harren keard hawwe ta Him dy't de
Iepenbierder is fan Josels en de Manifestaasje fan Jo eigenskippen".
Hy dy't Jo Tûke is, en allegearre dy't mei Jo binne, o myn Hear, hawwe
op dizze dei in ein, makke oan harren fêste, nei't hja it neikommnen binne,
binnen de grinzen fan Jo hôf en yn ynlikst ferlangst om Jo te haagjen.
Bestimme Jo foar him, en foar harren, en foar allegearre dy't yn dizze
dagen Jo oanwêzigens berikt hawwe al it goede dat Jo yn Jo boek beskikt
hawwe. Jou harren dan, wat harren te'n goede komme sil sawol yn dit libben
as yn it libben hjirnei.
Jo, yn wierheid, binne de Alwittende, de Alwize.
* Jezus
** Mohammed Bahá'u'lláh
TOP
STÂNFÊSTIGENS
22
O Hear, myn God! Help Jo leafsten sterk te stean yn Jo Leauwe, Jo wegen
te bewanneljen en stânfêstich te wêzen yn Jo Saak.
Jou harren Jo genede, om de oanfallen fan selssucht en begearte te wjerstean
en it ljocht fan godlike Lieding te folgjen.
Jo binne de Krêftige, de Genedige, de Troch-Himsels-Besteande, de Skinker,
de Meilydsume, de Almachtige, de Alfoldiedige.
TOP
'Abdu'l-Bahá
TAFELGEBEDENS
23
Hy is God! Oanskôgje ús, o Hear, gearkommen om dizze tafel, tankber foar
Jo goederjouskens, ús each rjochte op Jo keninkryk. O God! Stjoer ús Jo
himelsk iten en Jo seine. Wierliken, Jo binne de Woldiedige, de Barmhertige.
TOP
'Abdul-Bahá
It is net de bedoeling om it sizzen fan tafelgebedens
ta gewoante te meitsjen.
Út in brief, dy't skreaun is út namme fan Shogi Effendi,
,d.d. 27-9-1947.
ÛNDERRJOCHT
24
Tsjusterens leit oer elts lân, o myn God, dat makket de measten fan Jo
tsjinners kjel. 1k smeekje Jo, by Jo Grutste Namme, lit der yn eltse stêd
nije minsken opstean, dy't ta Jo komme en Jo, yn de rûnte fan Jo Tsjinners,
eare bringe sille, dy't nei harren fermogens fan wurd en wysheid, it findel
fan Jo oerwinning iepenteare en harren losmeitsje sille fan hiel it skepene.
Machtich binne Jo te dwaan nei Jins gefallichheid. Der is gjin oare God
as Jo, de Almachtige, Hy, waans help ynroppen wurdt fan alIe minsken.
Bahá'u'lláh
TOP
BYSÛNDER
GEBED
TAFEL FAN AHMAD
"Dizze deistige ferplichte gebedens mei inkelde spesjale,
lykas it Genêzingsgebed en de Tafel van Ahmad hat Bahá'u'lláh in bysûndere
krêft en betsjutting jûn en dy moatte dêrom sa oannommen wurde. De leauwenden
moatte dy gebedens sizze mei folslein leauwe en betrouwen, dat hja hjirtroch
komme meie ta in neiere omgong mei God en harren hieltyd mear indentifisearje
sille mei Syn wetten en foarskriften."
Út in brief, dy't skreaun is út namme fan Shogi Effendi,
sjoch: Bahá'í News, septimber 1951.
25
Hy is de Kening, de Alwittende, de Wize!
Sjoch, de Geal fan it Paradys sjongt op de twigen fan de Beam fan Ivichheid
mei hillige en leaflike meldij. Hy ferkundiget oan de oprjochten de blide
tynge fan de neite fan God, ropt de leauwenden yn de godlike Ienheid op
ta it hôf fan de Oanwêzigens fan de Grutmoedige, lit de ûnthechten it
boadskip witte dat iepenbiere is troch God, de Kening, de Gloarje-rike,
de Bûtenwenstige, en liedt de leafsten ta de sit fan hillichheid en ta
dizze strieljende Skientme.
Wierliken, dit is dy grutste Skientme, foarsein yn de Boeken fan de Boadskippers,
troch Wa't wierheid
ûnderskieden wurde sil fan dwaling en de wiisheid fan elk gebod hifke
wurde sil. Wierliken, Hy is de Beam fan it Libben dy't de fruchten jout
fan God, de Ferhevene, de Machtige, de Grutte.
O Ahmad! Tsjûgje dat Hy, wierliken, God is en der gjin God is bûten Him,
de Kening, de Beskermer, de Bûtenwenstige, de Almachtige. En dat Dejinge
Dy't Hy útstjoerd hat ûnder de namme 'Ali ( de Báb ) wierlik fan God kaam,
nei Waans geboaden wy ús allegearre foegje.
Sis: O folk, wês hearrich oan de foarskriften fan God, dy't oplein binne
yn de Bayán troch de Gloarjerike, de Wize. Wierliken, Hy is de Kening
fan de Boadskippers en Syn Boek is it Memmeboek - witsto it mar.
Sa lit út dizze finzenis de Geal dy Syn rop hearre. Hy hat inkeld dit
klear boadskip te bringen. Al wa't dit winsket lit dy him ôfkeare fan
dizze ried en al wa't dit winsket lit dy de wei kieze nei syn Hear.
O minsken, as jimme dizze fersen fersaakje, troch hokker bewiis hawwe
jimme yn God leaud? Lit it sjen, o jimme trouweleazen.
Nee, by Him yn Waans hân myn siel is, hja binne net en sille nea by steat
wêze, dit te dwaan, sels net al soene hja harren ferbine om elkoar te
helpen.
O Ahmad! Ferjit Myn woldieden net wylst Ik ôfwêzich bin. Betink Myn dagen
yn dyn dagen en Myn smert en ferbanning yn dizze efterôf finzenis. En
wês sa stânfêstich yn Myn leafde, dat dyn hert net wifelje sil, sels as
de swurden fan de fijannen slaggen op dy del reine litte en al de himelen
en de ierde tsjin dy opstean.
Wês as in fjoergloede foar Myn fijannen en in rivier fan ivich libben
foar Myn leafsten en hear net ta dejingen dy't twifelje.
En asto oerfallen wurdst troch besikingen op Myn paad of fernederingen
foar Myn saak, sit dêr net oer yn.
Fertrou op God, dyn God en de Hear fan dyn foarfaars. Want de minsken
geane dwaalwegen, berôve fan it ûnderskiedingsfermogen om God mei eigen
eagen te sjen of mei eigen earen Syn meldij te hearren. Sa fûnen Wy harren,
lykasto ek tsjûgest. Sa waard harren byleauwe in wale tusken harren en
harren eigen herte en hâlde harren ôf fan it paad fan God, de Ferhevene,
de Grutte.
Wês der yn dysels wis fan dat wierliken hy dy't him fan dizze Skientme
ôfkeart, him ek fan de Boadskippers yn it ferline ôfkeard hat en fan ivichheid
oant ivichheid fol heechmoed is foar God oer.
Lear dizze Tafel goed, o Ahmad. Sis har yn dyn dagen en ûntwyn dy der
net oan. Want wierliken, God ornearre foar dejinge dy't har seit de beleanning
fan hûndert en ien martlers en tsjinstberens yn beide wrâlden. Dizze geunsten
hawwe Wy dy skonken as in woldied fan Us kant en in genede fan Us oanwêzigens.
datsto hearst ta harren dy't tankber binne.
By God! Lêst immen dy't yn smert of kommer is, yn folsleine oprjochtens
dizze Tafel, dan sil God syn fertriet ferdriuwe, syn swierrichheden oplosse
en syn besikingen weinimme.
Wierliken, Hy is de Genedige, de Meilydsume. Eare oan God, de Hear fan
alle wrâlden.
TOP
Bahá'u'lláh
|